Van Keimpema: Farmers Defence Force stiet machteleas by aksjes

19 des 2019 - 19:33

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force koe woansdei by de aksjes fan de boeren net stjoere of yngripe. Dat seit wurdfierder Sieta van Keimpema. Troch it ferbod op de aksjes troch de rjochter tiisdei, drige by bemuoienis in boete fan fiif miljoen euro. Dat risiko woe de groep net rinne.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Boeren binne lilk

Van Keimpema seit dat de ôfspraken dy't makke binne tusken it Lanbouw Collectief, dêr't trettjin lânbouorganisaasjes yn feriene binne, en it kabinet-Rutte oer it stikstofprobleem noch net genôch binne. Der binne noch in soad ûndúdlikheden en ûnsekerheden. Dy moatte earst út de wrâld.

De boeren hawwe tritich jier stil west en se hawwe alles dien wat fan harren frege is. Mar dat is no foarby. Se binne lilk en gean krekt salang troch oant der nei harren harke wurdt.

"Hieltyd wer nije oanpassingen is net te dwaan"

Neffens Van Keimpema is der noch in lange wei te gean salang't der fan boeren frege wurdt yn te krimpen, wylst in nij fleanfjild yn Lelystêd, dat midden yn in natuergebiet leit, wol trochgean kin. In grut part fan de boeren hat it al tige dreech. Mar fan harren wurdt hieltyd wer frege om oanpassingen dy't in soad jild kostje. Dat is net te dwaan.

Van Keimpema fynt wol dat alle partijen dy't harren mei it stikstofprobleem dwaande hâlde, elkoar opsykje moatte om echt nei-inoar te harkjen. Allinnich dan kin der in útwei fûn wurde.

Sieta van Keimpema sjocht werom op de aksjes

(advertinsje)
(advertinsje)