Jongesopfang fan Fier is nei in jier al te lyts

19 des 2019 - 17:20

Yn gemiddeld eltse skoalklasse fan tritich learlingen sit in jongen dy't slachtoffer is fan seksueel misbrûk of oar seksueel gedrach dat te fier giet. It is in rûge skatting, sa seit Jaco de Rapper fan it lanlik ekspertize- en behannelsintrum Fier.

It echte getal leit miskien noch wol folle heger. Om de groep te helpen hat Fier in spesjale groep oprjochte dy't allinnich foar jonges is: Ravi. Dy draait sûnt febrewaris en hat no al te krijen mei in wachtlist.

Op in geheim plak yn Ljouwert wenje seis jonges byinoar. It is in opfang- en behannelgroep foar jonges dy't te krijen hân hawwe mei dit soarte fan misbrûk. Der is altyd begelieding oanwezich. Dochs hawwe de jonges alle frijheid om nei skoalle te gean of te sporten. Ien fan de jonges is Ismaël.

'Code Rood'

Ismaël hie in saneamde 'Code Rood'. It hâldt yn dat hy yn gefaar wie. Ismaël: "Ik ben ervoor uitgekomen dat ik homo ben. En ik heb een Islamistische achtergrond. Direct toen het bekend werd werd ik met de dood bedreigd. Ik ben via familie in Leeuwarden terecht gekomen. Mensen konden mijn homoseksualiteit niet accepteren en ik was echt onveilig."

Helpferlieners freegje net troch

In soad fan de jonges dy't by Ravi komme, hawwe sa'n koade. Se binne fuortsakke yn in moeras fol swierrichheden en kinne dêr kwealik útkomme. It is ek in groep dy't dreech te berikken is, sa seit De Rapper: "Seksueel misbruik is iets dat eigenlijk niet past bij jongens en dat heeft ook te maken met schaamte. Dat overkomt een jongen niet, wordt er gedacht." Wat der dan neffens de Rapper bart is dat minsken fuortsjogge. Dat hat ta gefolch dat in jonge net lekker yn syn fel sit en yn swierrichheden bedarret.

"De problemen bij de jongens zijn deels te vergelijken met de meiden. Maar bij de jongens gaat het om het gedrag dat anders is, ze experimenteren met zaken die je liever niet ziet." Neffens De Rapper krije de jonges dan oare reaksjes as famkes. "Bij jongens wordt door hulpverleners of ouders te weinig er op doorgevraagd. Het gedrag wordt gezien als het probleem."

En dat misbrûk bart al, en faker as de measte minsken tinke. Stadichoan wurdt dat mear en mear dúdlik by helpferlieners en witte se Ravi te finen. De Rapper: "We zijn nu bezig met een groot onderzoek om in kaart te brengen hoe vaak dit voorkomt. Wat er gebeurt en ook hoe we ze het beste kunnen helpen."

Jaco de Rapper - Foto: Omrop Fryslân

Ismaël is net syn echte namme. Fanwegen syn feiligens is it net mooglik dy te brûken. Ismaël syn echte namme is bekend op de redaksje.

Offline in nij begjin meitsje

Der sit noch in faze foar. As de jonges binnen komme, moatte sy harren telefoans en kompjûters ynleverje. De Rapper: "De jongens worden via Facebook, WhatsApp of Instagram gezocht. Maar ze moeten uit dat netwerk. Wie ben je? Daar gaat het om."

De measte jonges krije ek in foarm fan traumaterapy: "Sommigen zijn door het seksueel misbruik of door het grensoverschrijdende gedrag dusdanig getraumatiseerd. Dan gaat het slecht op school en gaan ze hun bevrediging zoeken in zaken die afleiden. Het wordt een zoektocht naar de vraag: 'Wie ben ik.' Daardoor raken jongens in de war, gaan ze twijfelen of ze misschien homoseksueel zijn. Dat kun je met een traumatherapie goed aanpakken."

Prate, prate en mear prate

Foar Ismaël begûn it helptrajekt mei praten. Hy moast leare om te gean mei syn homoseksualiteit, benammen hoe't hy dat besprekber meitsje kin. En dat dan ek yn kombinaasje mei syn geloof. By Ravi op souder hat Ismaël syn keamer. It is der opromme en skjin. Op de grûn leit in bidkleed. "Ik bid vaak. Ik ga ook naar de Moskee. De mensen daar kennen mij niet. Ik kom, ga bidden en ben weer weg."

Oerdeis giet hy nei skoalle, op stap mei freonen en hat hy wurk. Dêrneist hat hy terapy. Dat bestiet ûnder oare út saneamde 'systeemgesprekken'. "Daar wordt alles bespreekbaar gemaakt. Ik praat dan samen met mijn mentor en een therapeut. We bespreken zaken die nodig zijn om de band met mijn familie te herstellen. Mijn moeder is daar ook bij."

Dat is neffens De Rapper fan grut belang: "Ouders hebben ook een verhaal. Zijn moeder heeft bijvoorbeeld ook hulp nodig. We moeten investeren in het herstel met de band met hun ouders."

Foto: Ravi

De jonges dy't no by Ravi yn de opfang sitte haww allegearre in ferskillende eftergrûn. Se kinne it goed mei-inoar fine. Ismaël: "We komen altijd voor elkaar op en helpen elkaar. Uiteraard hebben we ook altijd wel wat te klagen over een ander maar heeft iemand hulp nodig dan staan we er. Wij zijn eigenlijk een soort van broers geworden."

Itensiede

Ismaël stiet sels graach yn de keuken: "Ja, ik vind koken echt leuk. Ik maak dan het eten. Zo nu en dan helpt één van de anderen mij. Dat is echt leuk om te doen."

De earste jonges ferlitte no sa stadichoan Ravi. Foar De Rapper in teken dat se goed wurk levere hawwe. "Een jongen die binnenkwam en enorm worstelde met de vraag of hij nu homo, bi of hetero was gaat nu zelfstandig wonen. Hij heeft een vriendinnetje waar hij oud en nieuw mee gaat vieren. We onderhandelen nu met hem over wat hij wil. Dat is een enorme winst."

By Ismaël sjocht hy sa'n selde foarútgong. "Hij heeft het vertrouwen in zijn omgeving hervonden. Belangrijk is ook dat hij nu een balans heeft gevonden tussen zijn geloof en z'n homoseksualiteit."

Ravi fierder útwreidzje

Neffens Ismaël is in opfang as Ravi hurd nedich: "Was ik hier niet geholpen dan was ik op straat gebleven. Dan had ik geworsteld met mijn homoseksualiteit. Dan had ik nooit geleerd hoe ik daar mee om moet gaan. Hier kreeg ik een veilige plek en wist ik zeker dat niemand mij kon vinden."

De Rapper wol de opfang it leafst útwreidzje mei in groep jongen mannen tusken de 18 en 23 jier. "Denk dan aan jonge mannen die gevlucht zijn uit oorlogsgebied. Sommige worden uitgebuit tijdens de vlucht. Worden gedwongen tot bloedtransfusies, seksueel misbruikt, mishandeld. Dat zijn mannen die ook een gewoon leven willen hebben. Slim zijn en hier een toekomst op willen bouwen maar nu echt te maken hebben met trauma's. Die verdienen ook hulp."

Keukenwurk by Ravi - Foto: Omrop Fryslân

Dúdlike symptomen foar misbrûk of útrûpeljen by jonges binne der net. Mochten jo fragen hawwe oer dit ûnderwerp, jo sels wrakselje mei gefoelens of as jo sels slachtoffer binne fan seksueel misbrûk, dan is der de mooglikheid om anonym te chatten mei meiwurkers fan Fier. Dat kin fia de webside www.fier.nl

(advertinsje)
(advertinsje)