Kappen fan beammen yn Burgum mocht

19 des 2019 - 16:21

De gemeente Tytsjerksteradiel hie in fergunning ferliend foar de beammekap oan de Trambaan yn Burgum. De folsleine opposysje hie dêr fragen oer steld, omdat se ferrast wiene troch de tsientallen beammen dy't kapt wiene.

Foto: ProNews

It stik bosk wie earder al oanwiisd as plak foar wenningbou. By dat bestimmingsplan sit ek de kapfergunning. Earder stie op de gemeentepagina dat it gong om 'een eik en een enkele berk'. Dat kloppe net, dus dat hat de gemeente oanpasse litten. De gemeente hat yn july in rektifikaasje yn de krante Actief pleatse litten.

De beammen binne mei de grûn lyk makke, om it terrein klear te meitsjen foar de bou fan in appartemintekompleks. Foardat de bou fan dat kompleks úteinsette kin, moat der noch ûndersyk dien wurde. Dat koe net as der noch beammen op it terrein stiene.

(advertinsje)
(advertinsje)