Gjin monumintestatus foar arbeidershúskes yn Drachten

19 des 2019 - 16:01

De 34 huzen oan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten wurde gjin gemeentlik monumint. Dat hat de gemeente Smellingerlân bepaald.

Foto: Omrop Fryslân

It binne 34 karakteristike arbeiderswenten. Wenningkorporaasje Accolade wol de ferâldere huzen slope en ferfange troch 41 folslein duorsume nijbouwenten, mar in part fan de bewenners wie it dêr net mei iens.

70 persint bewenners foar sloop

Smelne's Erfskip hat yn oktober 2018 in fersyk yntsjinne om in proseduere te starten, om it kompleks oan te wizen as gemeentlik monumint. De bewenners binne frege oft se foar of tsjin de sloop binne. Sa'n 70 persint fan de bewenners joech oan dat se foar sloop binne.

Dat hat de gemeente meinommen by de beslútfoarming ta gemeentlik monumint. Fierder hawwe se sjoen nei de duorsumens en it wenbelied. Dat wenbelied hâldt yn dat der mear sosjale hierwenten komme moatte.

Gjin renovaasje

As de hûzen oanwiisd wurde soene as gemeentlik monumint, soe Accolade gijn renovaasje dwaan, mar allinnich needsaaklik ûnderhâld.

De gemeente oerleit noch wol mei belutsenen oft it mooglik is om guon hûzen te behâlden. Dêroer hat earder al oerlis west mei Accolade en Smelne's Erfskip. Ut histoarysk eachpunt hawwe beide partijen oanjûn dat se guon wenten behâlde wolle. Dy mooglikheid wurdt noch ûndersocht.

(advertinsje)
(advertinsje)