Rjochter leit bou sinnepark Easterwâlde fuortendaliks stil

De bou fan it sinnepark by Easterwâlde moat fuortendaliks stillein wurde. Dat hat de rjochtbank yn Grins tongersdei bepaald, nei't de Fryske Miljeufederaasje in 'foarriedige foarsjenning' oanfrege hie.
It plan foar it sinnepark yn Easterwâlde © The Imagineers
De wurksumheden foar de oanlis fan it sinnepark kinne de kommende tiid net útfierd wurde. Neffens de rjochtbank is sprake fan flaters mei de proseduere.
De Fryske Miljeufederaasje fynt dat it lânskip te bot oantaast wurdt troch de oanlis fan it sinnepark. Boppedat soarget de oanlis foar ekstra stikstof yn it Drents-Friese Wold en it Fochtelerfean. Om dy redenen hie de Miljeufederaasje de foarsjenning oanfrege.

GroenLeven

Neffens GroenLeven, dat it sinnepark oanleit, is de útspraak fan de rjochter basearre op de diskusje oft it foech foar de oanlis by it ministearje of by de gemeente leit. It bedriuw sil kontakt opnimme mei it ministearje en foarsjocht gjin problemen by de fierdere oanlis fan it sinnepark by Easterwâlde: "dit is een formaliteit".