Straf foar broers dy't yn Drachten in auto stielen

19 des 2019 - 15:34

De rjochter hat tongersdei twa broers út Stienwijk en Enschede feroardiele ta sel- en wurkstraffen, omdat se yn Drachten in auto stellen en omkat ha.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man út Enschede hie in proefrit makke mei de auto en nei de rit de kaaien stikem omruile mei in oare set. In pear dagen letter gie er mei syn broer nei Drachten om de auto te stellen. Yn in loads yn Stienwijk setten se der in oare motor yn.

De man út Stienwijk seit dat syn broer him ûnder druk set hat om mei te wurkjen. Hy krige hûndert oeren wurkstraf en moat in eardere straf ûnder betingst útsitte. Syn broer krige trije moanne sel omdat de rjochter him sjocht as oanstichter.

Trefwurden: 
Drachten stellerij rjochtbank
(advertinsje)
(advertinsje)