Douwe de Vries: "Ik wie wat minnich"

Douwe de Vries wie wat minnich dit foarseizoen. Dêrtroch wiene de resultaten min by de wrâldbekers yn Minsk en Poalen. "Mar it giet no wer lekker. Ik haw goed traind yn Collalbo." It fertrouwen nimt wer ta, sa rjochting it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen.
Douwe de Vries 1
Hy einige as twadde yn de B-groep yn Minsk en as njoggende yn Poalen. Beide op de 5.000 meter. "Mar ik wie wat minnich. Net siik of sa, mar net hielendal fit."
Hy siket gjin ekskuzen, mar it ûntbruts Douwe oan de goeie foarm. "Ik hie oars miskien noch wol yn Kazachstan ride wollen, mar no wie it better om te trainen. De hichtepunten komme noch. Yn Poalen gie it noch wol goed. Dêr wiene wat wikseljende omstannichheden. Mar ja, klear, it moat wol better."
Douwe de Vries2
"Der binne meardere doelen", sa seit Douwe oer it NK ôfstannen. "Pleatse is it wichtichste. Foar it WK allround sil noch dreech wurde, want de bêste twa binne nei it NK ôfstannen wis. Dêrnei komt foar it tredde plak noch it NK allround."

In stik better

Douwe giet der fan út dat Patrick Roest en Sven Kramer noch altyd better binne. "Of no ja, je witte it noait. Oft ik Sven no net oankin? Hahaha, no ja, miskien wol." Mar it giet sûnt it trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo in stik better.
"Wêr't ik dat oan fernim? Je ride dêr in hiel soad rûntsjes. De rondetiden giene hieltyd hurder. As alles tegearre komt, dan giet it fansels. En dat gefoel moatst hawwe."