Denemarken hâldt 20-jierrige Fries oan om falske meldingen mei telefoan

19 des 2019 - 14:33

De plysje fan Denemarken hat in man fan 20 jier út Dantumadiel oanholden. De Fries soe telefoantsjes dien ha mei falske meldingen oan ûnder oare de plysje, de brânwacht, sikehûzen en in ferloskundepraktyk. It Iepenbier Ministearje hat frege om útlevering fan de Fries.

Smartphone - Foto: Shutterstock.com

Sûnt 2019 ha ferskate ynstânsjes, bedriuwen en boargers meardere telefoantsjes hân. Dêrby waarden falske meldingen dien. Ek bedrige de fertochte minsken, en sette er se sûnder har witten mei-inoar troch yn in conference call.

De telefoanlinen fan ferskate helpferlieningsynstânsjes waarden sa beset holden. Ien sikehûs yn Nederlân waard yn ien moanne tiid mear as tûzen kear belle. De fertochte hat ek minsken belle, wylst er him foardie as plysjeman, om te fertellen dat in dierbere ferstoarn wie.

Swalker

De 20-jierrige fertochte wie net allinnich yn Dantumadiel te finen, mar reizge geregeld troch sawol Nederlân as oare lannen. Dat de man no oanholden is, betsjut neffens de plysje lykwols net dat it ûndersyk no klear is. Sadree't de fertochte yn Nederlân is, wurdt er heard.

As minsken har werkenne yn dizze ferhalen, wurde se frege om it by de plysje te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)