Wichtige oanwinst Hannemahûs: troukistke út 1633
It Harnzer museum Hannemahûs krijt in bysûnder troukistke út de santjinde iuw. Direkteur Hugo ter Avest neamt it objekt út 1633 ien fan de wichtichste oanwinsten yn de skiednis fan it museum.
"Het is een heel vroeg knottekistje", seit Ter Avest. "Het bevat de naam en het wapen van de bruidegom Frans Reiners Templar, een rijke doopsgezinde koopman uit Harlingen. Knottekistjes die aan een persoon of echtpaar te relateren zijn, zijn zeldzaam." Yn troukistkes - of knottekistkes - sieten kostberheden, dy't tsjinne as breidsskat.
Ien fan de grutske oankeapen
It kistke is ien fan de grutste oankeapen fan it museum. Se ha de finansierring rûn krigen troch ferskate fûnsen, lykas de Vereniging Rembrandt, Wassenbergh-Clarijs Fontein Stichting, Vereniging Vrienden van Museum het Hannemahuis, Stichting tot Behoud van het Harlinger Historisch Erfgoed, Boersma-Adema Stichting en it oankeapfûns fan it museum.
Bysûndere eftergrûn
Net allinnich dat it Hannemahûs no sa'n âld kistke hat is bysûnder, dat is it kistke sels ek, neffens Ter Avest: "Het kistje heeft een bijzonder model, is van een uitzonderlijk groot formaat en is rondom zeer fraai en heel gedetailleerd gegraveerd met Bijbelse en andere voorstellingen en onderschriften die verband houden met het huwelijk. En door historisch onderzoek weten we meer over de achtergrond van dit kistje en het echtpaar voor wie het gemaakt werd."
It kistke waard troch in sulversmid makke yn Hoorn. De Harnzer hanneler Frans Reiners Templar kocht it om it oan syn takomstige frou Yfke Johannes Tjesma kado te jaan foar harren houlik yn 1633. De breidsskat yn it kistke bestie út ferskate gouden munten, in trouring en in gouden bestekje.
Dit stiet yn de boedelynventaris fan Yfke Tjesma út 1668:
In de voor binnencamer, in de grote besegelde cas bevonden nae gespecificeerde goederen:
2 silveren kisies daer in bevonden:
2 Elisabetten
1 vier dubbelde ducaet
1 dubbelde ducaet
1 rijdder
13 ducaten
1 gouden Liuw [= Leeuw]
1 stuckien goud daer een cruis op staet
1/2 Franse croon
een roltie met 4 ringen met gesteenten
1 trouw ring
1 gouden hoeprinckien
1 klein sufrinckien
1 koker met een gouden vorckien, en een gouden heften mes
1 klein gouden kettingien met enige cleine haecken
Frans Templar en Yfke Tjesma kochten yn 1662 in hûs oan de Voorstraat yn Harns. Oan dyselde strjitte sit it Hannemahûs hjoed-de-dei. De oerpake fan Templar kaam út it Brabânske Gestel. Hy wie yn de sechstjinde iuw nei Harns flechte fanwegen de godstsjinstferfolgingen. De famylje Templar stoar yn de achttjinde iuw út.