Steven de Jong hat 'syn' Grutte Pier fûn: wa wurdt syn tsjinspylster?

19 des 2019 - 14:22

Filmmakker Steven de Jong hat syn Grutte Pier fûn: akteur Milan van Weelden fan Zoetermeer. Takom jier, op 28 oktober 2020, is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Grutte Pier ferstoar. Dat is it momint dat Steven de Jong wat sjen litte wol fan syn nije projekt: in twadielige spylfilm oer Grutte Pier, in projekt dat jierren duorje sil.

Foto: Omrop Fryslân, (origineel: Steven de Jong)

"Ik bin opgelucht," seit Steven de Jong. "Wy hawwe him fûn. Hy is 2.10 meter en hat skuonmaat 53. Hy is ek al 20 kilo ôffallen, want ik fûn him earder wat oan de fodzige kant. Ik sei: do moatst wol traine hear, en de sportskoalle yn. En dat hat er ek dien, hy begjint echt spieren te krijen."

De Jong leit út dat Milan van Weelden eins musical-akteur is. "Hy siet ek yn de musical Soof dy't ik ferline jier soen haw. Hy kin fantastysk spylje. Hy sit ek wol yn it bûtenlân en hat The Phantom of the Opera dien. Hy kin goed sjonge. Dus miskien is it ek wol leuk om der noch in titelsong mei te meitsjen," seit de filmmakker.

Brút

Hy hat ek al in idee wêr't it mei Grutte Pier hinne moat. "Ik wol hiel graach de psyche fan dy man sjen litte. Der binne wol mear films makke oer dy tiid, mar ik wol graach de djipte yn mei de cast. De tsjustere kant fan Grutte Pier, op 'en doer is hy brút wurden. Ik wol graach fertelle dat soks yn elts minsk skûlje kin."

Elske DeWall

Hy makket ek de tsjinspylster bekend: "Elske DeWall spilet de frou fan Grutte Pier. Dat is har aktear-debút. Wy hawwe ôfrûne simmer oan it draaien west en inoar wat better kennen leard. No is it tiid foar de folgjende stap."

Dit jier hat De Jong ek al bylden sketten foar de films: yn Grinslân is der sels in buorkerij foar yn 'e brân set. "Ik hie nea earder in buorkerij foar in film yn de fik stutsen, dat wie geweldich. Ik fûn ek dat wy mei wat stoere dingen úteinsette moasten om ús ambysje kenber te meitsjen."

Filmmakker Steven de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)