Auto's diele yn De Fryske Marren, Opsterlân en Eaststellingwerf

19 des 2019 - 13:51

De Fryske Marren, Opsterlân en Eaststellingwerf dogge mei oan in projekt mei saneamde dielauto's. Mei noch 17 oare plattelânsgemeenten en minister Stientje van Veldhoven is woansdei ôfsprutsen dat der yn 2021 sa'n 100.000 dielauto's en 700.000 brûkers wêze moatte. Dielauto's moatte de berikberens fan minsken ferbetterje dy't net in eigen wein hawwe, en it is in oanfolling op it iepenbier ferfier.

Foto: ANP

Tegearre mei noch tsien oare partijen binne woansdei de hantekeningen set foar dit akkoart, wêrmei't benammen besocht wurdt it dielen fan auto's te stimulearjen. Yn hiel Nederlân binne no sa'n 515.000 minsken dy't in auto diele.

Plattelân

Neffens de minister is it dielen fan auto's net allinne yn stêden in útkomst, mar is it ek in oplossing foar gebieten dêr't minder minsken wenje. Want krekt dêr binne de ôfstannen grutter. Dêrom is foar tweintich plattelânsgemeenten keazen. In eigen auto stiet faak lang stil en troch it dielen fan in auto nimt ek de parkeardruk en útstjit fan CO2, stikstof en fynstof ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)