Caparis hat akkoart sletten mei acht gemeenten en kin wer fiif jier foarút

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat in oerienkomst sletten mei in tal Fryske gemeenten. Fjouwer fan de acht gemeenten dy't oandielhâlder wiene, hawwe harren oandielhâlderskip opsein. Mei dizze gemeenten waard wol in oerienkomst sletten, dat de minsken dy't foar Caparis wurkje yn elts gefal wer fiif jier foarút kinne.
Caparis hat akkoart sletten mei acht gemeenten en kin wer fiif jier foarút
Direkteur Alex Bonnema fan Caparis: "Op dit momint bin ik gewoan tefreden. Ik wurkje hjir no sa'n 2,5 jier en it is no safier kaam dat wy mei alle acht gemeenten ôfspraken makke hawwe wêrmei't Caparis takomst krijt en en punt efter it ferline sette kin. Us ferhaal krijt in nije takomst, wy hawwe in kâns pakt. Dêr bin ik tige wiis mei." De gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Opsterlân bliuwe oandielhâlder.
It akkoart by Caparis mei de gemeenten © Omrop Fryslân, Onno Falkena

Mooglik nochris 5 jier

It is benammen wichtich foar de meiwurkers, seit Bonnema. "De ôfspraken binne foar de kommende fiif jier wis, en as wy it goed dogge kin dêr nochris fiif jier bykomme. Dus wy hawwe in súkses foar ús minsken behelle." Der binne sán 2.000 minsken dy't ûnder Caparis oan it wurk binne. Dat stiet wol ûnder druk troch de saneamde Partisipaasjewet, dy't nije ynstream fan minsken beheint. It Sociaal en Cultureel Planbureau hat oanjûn dat de wet net goed wurket.

'Eltsenien hat talint en hat wearde foar himsels'

Dizze Partisipaasjewet hat ta doel dat minsken dy't by sosjale wurkfoarsjenningen lykas Caparis wurkje, de mooglikheid krije dêrwei troch te streamen nei regulier wurk. "Eins moat dat gewoan sintraal stean," seit Bonnema. "Wy wolle ús bekend meitsje as talintbedriuw. Eltsenien hat talint en hat wearde foar himsels en foar de mienskip. It oan it wurk krijen fan minsken by gewoane bedriuwen sette wy sintraal, mar somtiden slagget dat net en dan moat der in fangnet wêze. Dat binne wy. By Caparis kinsto op dyn eigen wize en tempo sjen litte wat dyn talint is."
Direkteur Alex Bonnema fan Caparis
Caparis © Omrop Fryslân, Onno Falkena