Wêrom is it wurd 'kryst' in Fryske taalflater?

19 des 2019 - 11:26

It kin samar de grutste taalflater wêze dy't op dit stuit yn in soad krystkaarten stiet: it wurd 'kryst'. Want eins hearre je net los 'kryst' te sizzen, mar 'krystdagen' of 'krysttiid'. Leksikograaf Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy leit út hoe't dat kin.

Foto: Omrop Fryslân

"It Nederlânsk hat fan âlds 'Kerstmis' en dat is al hiel lang ynkoarte ta 'kerst'. Bygelyks: 'Met de Kerst komt oma op bezoek.' Om't it Frysk beynfloede wurdt troch it Nederlânsk, is it Nederlânske 'Kerst' ferfryske ta 'kryst'. Dus: 'Mei de kryst komt beppe op besite' is der fan makke. Mar fan âlds hearre wy te sizzen: 'Yn de krysttiid komt beppe op besite.'"

Generaasjeferskil

Dat hat neffens Sijens net altyd sa west. "It is benammen in generaasjeferskil, minsken dy't âlder binne sille earder krysttiid of krystdagen sizze, mar minsken dy't jonger binne en minsken dy't it Frysk yn de modernere tiid leard hawwe, binne hiel bekend mei dizze wurden dy't net-geef binne. Ien fan 40 jier âld sil it oars oanfiele as ien fan 20 of 15. Wat der fan it Nederlânsk út yn it Frysk komt is foar de jongere generaasje hiel gewoan oan it wurden."

Offisjeel feroarje?

Soe der in tiid komme dat it wurd ek offisjeel feroaret, en dat der 'kryst' yn stee fan 'krystdagen' yn it wurdboek fan de Fryske Akademy komt te stean? "It kin goed yn de takomst feroarje", seit Sijens. "Talen feroarje altyd en dêr is it Frysk gjin útsûndering op, mei alle ynfloed fan it Nederlânsk giet it by ús ek noch wat hurder. Hieltyd mear minsken sille dat gewoan fine. Wat ik der dan fan fyn docht der net ta, as Friezen it gewoan fine dan is it gewoan."

Leksikograaf Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy

(advertinsje)
(advertinsje)