'Kryst troch de Buorren' yn Wynjewâld giet net troch

19 des 2019 - 09:46

Yn Wynjewâld soe takom sneon it evenemint 'Kryst troch de buorren' wêze, mar de organisaasje hat besletten dat it doarpskrystfeest net trochgiet. Dat komt fanwegen famylje-omstannichheden fan in tal minsken dy't by de organisaasje belutsen binne.

Kryst troch de Buorren - Foto: Kryst troch de Buorren

De wurkgroep, Pleatslik Belang en de PKN-tsjerke jouwe oan it spitich te finen, mar tinke wol dat it rjocht docht oan de belutsen Wynjewâldsters.

It feest soe tusken galery De Wouden en buorkerij Sijtsema wêze, op de Merkebuorren. Der soene krystoptredens mei muzyk wêze, kreative en sportive aktiviteiten foar bern en iten. Yn de tsjerke koene minsken in kearske opstekke en by de libbene kryststâl sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)