Skylger (25) oanholden foar yllegaal fjoerwurk

De plysje hat in man fan 25 jier fan Skylge oanholden fanwegen it besit fan fiif kilo yllegaal fjoerwurk. Hy is ien fan fjouwer manlju dy't oanholden binne yn in ûndersyk. Twa oare fertochten komme út Slochteren en de leveransier fan it guod komt út Enschede.
Yllegaal fjoerwurk © ANP
It ûndersyk fan de plysje rjochtet him op oanbieders fan profesjoneel fjoerwurk op ynternet. De fjouwer fertochten hiene it fjoerwurk by har thús. By de twa manlju út Slochteren fûn de plysje ek noch fjoerwapens, munysje, knalpatroanen en pepperspray. Sy hiene 300 kilo fjoerwurk. De 29-jierrige fertochte út Enschede hie thús 2.000 kilo fjoerwurk lizzen.

Ek yn Ljouwert

De plysje hat ek noch yllegaal fjoerwurk fûn yn Ljouwert. Dêr wennet nei alle gedachten ien dy't yllegaal fjoerwurk fan de fertochten kocht hie.
De fjouwer fertochten sitte net fêst. Der wurdt wol proses-ferbaal tsjin harren opmakke.