Burgumer bern yn aksje tsjin earmoede

Yn Burgum is tongersdei in grutte aksjedei op de skoallen yn it doarp. Der wurde klean en boartersguod sammele foar de Kleding- en Speelgoedbank fan Burgum, en de frijwilligers krije in spesjaal krystdiner fan de bern. Goed 600 bern sette harren yn tsjin earmoede.
Boartersguodbank Burgum
"Wy hawwe in hiele moaie grutte aksjedei mei allegearre skoalbern yn Burgum fan trije skoallen. It is in moaie moanne, want de bern hawwe sels in moaie aksje op tou set fan it spul BAAS út, wat KEaRN Welzijn opset hat. Sy fiere aksje foar de Kleding- en Speelgoedbank, en sy sammelje allegearre klean en boartersguod," seit Doetie van der Lijn fan KEaRN.

Idee komt fan de bern

De bern binne sels mei it idee kaam. "Dy bern binne sels tige kreatyf en sy hawwe sels betocht om dit op harren skoallen út te setten. Wy sille sa alle jiskepûden ophelje dêr't klean en boartersguod yn sit dat noch brûkber is," seit Van der Lijn. "De bern hawwe alle klassen by del west en hawwe útlein wat it projekt BAAS ynhâldt en dat earmoede wat fan ús allegearre is."
"Wy sille aanst nei de Reinbôge, de Ark en it Partoer, de skoallen yn Burgum. Op it skoalplein sette wy de bus iepen en dan wurdt it hooplik steapeljen," fertelt sy. "Uteinlik hawwe wy kontakt mei de Kleding- en Speelgoedbank en mei minsken dy't fan de minima libje en wy sjogge wat dêr spilet. It is fijn om wat foar dy minsken te betsjutten, want earmoede is in maatskiplik probleem foar ús allegearre. Minsken kinne op tongersei en freed harren guod dêr bringe, foar Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen."
Ferslachjouwer Onno Falkena mei Doetie van der Lijn

'Moai inisjatyf'

"Dit is in prachtige aksje fan dizze twa famkes, Marije en Henriëtte, dy't dit op eigen inisjatyf betocht hawwe en foar de Kleding- en Speelgoedbank yn Burgum. Dus ik bin wiis mei dizze en aksje en bliid dat hiele skoalle der oan meidien hat. Sa'n inisjatyf falt allinne mar te priizjen," seit it haad fan 'e skoalle. Yn Tytsjerksteradiel meitsje sa'n 100 húshâldingen gebrûk fan de Voedselbank. "Spitigernôch dat it sa wêze moat, mar sokke inisjativen dogge in soad goeds."
De skoalbern hawwe ek iten klearmakke foar de frijwilligers fan de Kleding- en Speelgoedbank. "Dat hawwe wy tiisdei dien, wy hawwe in krystdiner makke om dy minsken ek ris yn it sintsje te setten."
Ferslachjouwer Onno Falkena by K.B.S. De Reinbôge yn Burgum
Pûden mei klean en boartersguod © Omrop Fryslân, Onno Falkena