Op It Hearrenfean makket Accell tûzenen fytsen foar de plysje

19 des 2019 - 09:47

Fytsfabrikant Accell fan It Hearrenfean hat in grutte opdracht binnen helle by de plysje. Mei yngong fan 2020 ride plysjes mei e-bikes en fytsen fan Koga en Batavus, merken fan de Feanster fytsmakker.

Foto: Gert Jansen

Accell makket fierder gjin details bekend oer hoefolle jild oft it Accell opsmyt. In wurdfierster seit dat it om 'inkelde tûzenen' fytsen giet. De plysje socht spesifyk om in fabrikant fan e-bikes. E-bikes en scooters meitsje it neffens de plysje mear mooglik om op plakken te kommen dy't mei de auto net te berikken binne.

De kleur fan de fytsen is grutdiels wyt, mei it plysjelogo en de read-blauwe plysjekleuren dêrop.

Easken fan de plysje

"Wij zijn gekozen omdat wij de beste prijs-kwaliteitsverhouding hebben. Het is mooi dat de Nederlandse politie kiest voor een Nederlandse producent, en dan ook nog eens in Heerenveen. Het gaat om duizenden fietsen, maar we moeten de plannen nog nader uitwerken begin 2020," seit Debbie de Wagenaar fan Accell grutsk. "Het zijn bestaande modellen, maar wel aangepast op specifieke eisen van de politie. Dat geldt voor beide merken. Er zijn twee uitvoeringen, één met de politie-striping en een donkere zonder."

De plysje hie wol wat spesjale easken. "Het zijn natuurlijk wendbare fietsen, maar het heeft ook te maken met het frame. De fiets moet robuust zijn en als de agent met de voeten op de grond staat moet de fiets ook stevig overeind blijven staan." Yn Nederlân is it foar it earst dat der foar de plysje produsearre wurdt, yn Finlân is dat wolris earder bard.

Debbie de Wagenaar fan Accell

Trefwurden: 
plysje Accell fyts
(advertinsje)
(advertinsje)