Koarte tiid brân yn wensoarchsintrum Skilhiem yn Stiens

19 des 2019 - 08:22

Yn Stiens hat tongersdei om kertier oer tolven yn de nacht in brân west yn wensoarchsintrum Skilhiem. De brânwacht hat it fjoer rap útmakke, der rekke net ien ferwûne. De bewenner fan it appartemint dêr't de brân wie, hat in oare keamer krigen foar de nacht.

Foto: AS Media

Hoe't de brân ûntstien is, is net bekend. Om't der in soad reek yn de gong hingjen bleau, hat de brânwacht mei in fentilator dwaande west.

Trefwurden: 
brân Stiens Skilhiem
(advertinsje)
(advertinsje)