Kollum: "Farmers Defence Force"

19 des 2019 - 08:15

"De feehâlderij wurdt net lanlik ynkrompen. Boeren wurde net twongen om te stopjen. En hoefolle stikstof der útstjitten wurde mei, wurdt regionaal regele. Der komt stikstof-earm feefoer en in stikstofregistraasjesysteem. Dat is wat der regele is mei de spoedwet foar de oanpak fan 'e stikstofkrisis op 'e koarte termyn, dy't tiisdei troch de Earste Keamer oannommen is. In wet wêrmei't de slimste foarstellen foarearst fan tafel binne. En dochs krigen we op woansdei in liveblog fan 'e NOS. Want de boeren binne boas.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ferline wike freed ferlike de foaroanman fan Farmers Defence Force, Mark van den Oever, de situaasje fan 'e boeren no mei dy fan de Joaden yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dat wie dom, smaakleas en misliedend. It folgjende wie dat Farmers Defence Force distribúsjesintra fan supermerken blokkearje woe. Earst mei de krystdagen, om dy stomme boargers in leske te lêzen, dy boargers dy't noch massaal efter de boeren stiene yn oktober. Doe soe it in wike earder. De supermerken spanden in koart pleit oan, en de rjochter ferbea de aksje. Dat soe trouwens hielendal net oer stikstof gean: dizze boeren wolle bettere prizen foar harren produkten.

Nijsgjirrige ûnderhannelingstaktyk. Ast in bettere priis hawwe wolst foar dyn wurk, dan giest om tafel sitten mei dyjinge dy't dy útbetellet. Sa wurket it foar eltsenien. Wat moat in supermerkbaas krekt tinke as er te meitsjen kriget mei in groep dy't harren sels de militêre namme 'Farmers Defence Force' jûn hat. Ik snap wier wol dat dizze boeren de earste trekker-aksje fan begjin oktober sjogge as in grut sukses. Mar it liket der yntusken mear op dat se harren ploegen omsmolten hawwe ta swurden, en harren trekkers ynsette tsjin alles dat se net sint.

Tiisdei kaam dy - dochs mylde - stikstofwet. Deiblêd Trouw publisearre in pear oeren letter de útkomst fan harren ûndersyk 'Staat van de boer 2', mei as konklúzje dat jonge boeren radikalisearje. 62 persint is foar it behinderjen fan gearkomsten yn gemeente- of provinsjehûs; en de helte is foar at it gearkomsten yn 'e Twadde Keamer oanbelanget. 37 persint wol de itensfoarsjenning ûntregelje. 82 persint fan 'e boeren ûnder de fjirtich jier ûntkent dat der in stikstofprobleem is. De ophisers fan Farmers Defence Force, Forum voor Democratie en PVV fine it machtich!

De ûnderfrege boeren diene sels ek suggestjes oan Trouw: grinzen tichtsmite, NGO's blokkearje, de haven fan Rotterdam keare, en as útsmiter de redaksje fan Trouw gizelje. Twa op 'e trije boeren binne foar de radikale koers fan Farmers Defence Force.

Boeren fiele harren miskend. Dat begryp ik wol. Allinnich, mei asjebleaft ien ding ta harren trochkringe: se binne de iennigen net. Tink oan 'e leararen, de minsken yn 'e soarch, de keunst en kultuersektor, sjoernalisten, postbesoargers, oant koart lyn definsje, en moat ik noch fierder gean? En wat te tinken fan 'e miljeumaatregels dy't alle net-boeren nommen hawwe yn 'e ôfrûne jierren? Hawwe dy gjin jild, arbeidsplakken of pine koste? Lêze dy boeren überhaupt noch wolris in krante?

Ik haw dy grutte auto skrept fan myn bucketlist: der is in ierde troch te jaan oan ús bern. De hân mei by de boeren ek wolris yn eigen 'boezem': it stikstofferhaal giet werom oant 'e jierren tachtich, en mei houtsje-toutsje regelingen is der yn dit lân troch de lânbou omgriemt, ûnder lieding fan Henk Bleker trouwens, oant der immen nei de Ried fan Steat stapte om simpel te freegjen oft it wol earlik is dat eltsenien him yn dit lân oan 'e wet hâlde moat, útsein de bouwers en de boeren.

Ik wie, en bin it noch altyd, iens mei it earste protest, begjin oktober. Goed dat in groep ris sichtber waard, en de ûnbetrouberens fan 'e oerheid. Mar de sympaty dy't der foar de boeren wie, smelt no fuort as in poalkape. Foar my kaam it omslachpunt foar de doar fan it provinsjehûs fan Grins, mei dy boer yn syn wite boesgroentsje, dy't oar in draaiende kamera fol fjoer ferklearre dat de boeren no de baas binne, en net de oerheid.

Nee. Sa wurket it net. Dit is in demokratyske rjochtssteat. Dêr bliuwst ôf. En lês ris in krante, en miskien wat boeken fan Lou de Jong."

(advertinsje)
(advertinsje)