Deputearre: "Fryske bedriuwen hawwe net folle lêst fan PFAS"

19 des 2019 - 06:25

Bedriuwen yn Fryslân hawwe hast gjin lêst fan skealike gemyske stoffen yn de grûn, ek wol PFAS neamd. Dat sei deputearre Douwe Hoogland woansdei op de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Ut ûndersyk docht bliken dat Fryslân ûnder de noarm fan 0,8 mikrogram de kilo sit."Dêr bin ik wiis mei. Wy moatte der boppe-op sitte, mar it moat ek wurkber wêze," seit Hoogland.

Douwe Hoogland - Foto: Omrop Fryslân

Hoogland reagearre op fragen fan fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie. De noarm foar skealike gemyske stoffen yn de grûn is earder troch it Ryk ferromme fan 0,1 mikrogram nei 0,8 mikrogram de kilo. Dêrtroch soe trijekwart fan de lanlike bouprojekten dy't no stillizze, wer trochgean kinne.

Yn België leit de noarm op 3 en yn Dútslân op 7 of 8, sei Bouwen Nederland earder. De organisaasje hie in hegere noarm dan ek graach foar Nederlân hawwe wollen.

Mar yn Fryslân hoecht dat net, seit deputearre Hoogland. "Yn Fryslân bliuwe wy fier ûnder de noarm fan 0,8. En dus is der gjin needsaak om dy PFAS-noarm fierder te ferheegjen ta 3,0 lykas se yn Noard-Hollân dogge. Hoe mei fersmoarge grûn en de PFAS-noarmen om te gean, leit by de gemeenten. De provinsje hat inkeld in stjoerende rol op dit stik fan saken."

In moasje fan Forum voor Democratie om te kommen ta in regionale PFAS-noarm dêr't ûndernimmers net ûnnedich behindere wurde yn harren bedriuwsfiering, waard oannommen troch Provinsjale Steaten.

Deputearre Douwe Hoogland oer PFAS

(advertinsje)
(advertinsje)