'Waadsee ferdrinkt', neffens GrienLinks: soargen oer hegere seespegel

18 des 2019 - 23:07

De regearing moat by it KNMI freegje wat de effekten foar de Waadsee binne fan it heger wurden fan de seespegel. Dat wol de Twadde Keamerfraksje fan GrienLinks. Neffens de partij binne der soargen oer de hegere seespegel en de gefolgen dêrfan foar it Waad.

Foto: KNRM Ameland

De Waadsee soe sawat ferdrinke, sânplaten soene dêrtroch ferdwine en it karakter fan it Waad soe dêrtroch oantaast wurde mei alderhande gefolgen foar de natuer yn it wrâlderfgoedgebiet.

Om it Waad te behâlden, moatte der neffens GrienLinks in aktueler byld komme oer hoe hurd oft de seespegel omheech komt en de effekten dêrfan.

Trefwurden: 
Waadsee GrienLinks seespegel
(advertinsje)
(advertinsje)