Skiedend deputearre Johannes Kramer: "It wie in foarrjocht"

Johannes Kramer fûn it in genot om Fryslân te tsjinjen as Steatelid en letter as deputearre. Woansdei wie de lêste Steategearkomste foar de FNP-deputearre. Nei tweintich jier hâldt er op mei de provinsjale polityk. "Ik ha it foarrjocht hân om Fryslân yn ieren en sinen kennen te learen."
Ofskiedsynterfjoe Johannes Kramer
Kramer wie fjouwer jier fraksjemeiwurker, dêrnei acht jier Steatelid en dêrnei noch acht jier deputearre. Yn jannewaris wurdt er boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Derút mei in knaller

Hy giet der mei de stikstofperikelen mei in knaller fan in dossier út. Hy helle it lanlike nijs troch de stikstofmaatregels yn Fryslân yn te lûken en it petear te sykjen mei boerefertsjintwurdigers. It joech him lanlik bekendheid. Brabânske boeren rieden mei Fryske flaggen op de trekkers en Noard-Hollânske boeren fregen oft se net by Fryslân hearre mochten. "Foar in politikus en bestjoerder is it hiel moai dat je op in jierdeifeestje net út hoege te lizzen wêr't je mei dwaande binne. Elkenien wit dit wol."
Ik bin bliid dat we dêr no in punt efter sette kinne.
Johannes Kramer oer it stikstofdossier
It is neffens de skiedend deputearre ien fan de hichtepunten fan syn deputearreskip, benammen fanwege de belangstelling en it omtinken yn de media, mar der wiene wol mear hichtepunten. "De natuerynklusive lânbou, it guozzedossier en it grûndossier wiene foar my noch folle mear hichtepunten", fynt Kramer. "Stikstof wie foaral in hichtepunt fanwegen alle belangstelling. Dat ha je net altyd as provinsjaal bestjoerder. Ik bin bliid dat we dêr no in punt efter sette kinne."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Djiptepunten, of saken dêr't er minder tefreden oer is, binne de delgeande sifers fan de greidefûgelpopulaasje. Dy delgong is neffens him noch net genôch ta stilstân brocht. Oer de romte foar natuerynklusive lânbou en de biologyske lânbou is de deputearre ek noch net echt tefreden. "Dêrmei binne we net fier genôch kaam. Dat dêr noch net mear op ynset wurdt yn de lânbou, fyn ik in miste kâns."

Djiptepunt

It grutste djiptepunt is lykwols it ljipaaisykjen. As deputearre woe er de Fryske tradysje perfoarst yn eare hâlde, mar it slagge him net. "Ik ha, doe't ik deputearre waard, sein dat ik net de deputearre wurde soe dy't it ljipaaisykjen ferbiede soe, mar ik waard dochs twongen troch de wet. Dat docht my sear."
© Jelle Hibma
Kramer wie nei 2003 acht jier Steatelid en dêrnei waard er deputearre. Yn de goed acht jier as deputearre hat Kramer fjouwer kommissarissen meimakke, mar ek ferskate kollega-deputearren. Neffens Kramer wiene it allegearre "fijne kollega's". Kommissarissen binne dochs prima donna's, seit Kramer, mar mei harren wie it prima wurkjen.
Ik kin no hast gjin pleats foarbykomme of ik kin der in ferhaal by hâlde wat dêr bart.
Johannes Kramer
In pear kollega-deputearren neamt er spesifyk: "Jannewietske de Vries, Tineke Schokker, Sietske Poepjes, Douwe Hoogland, Hans Konst. Mar ek Steateleden, amtners en minsken bûten it provinsjehûs. Ik kin no hast gjin pleats foarbykomme of ik kin der in ferhaal by hâlde wat dêr bart."

No boargemaster

Op 1 jannewaris stapt Kramer oer fan de provinsje nei de gemeente Noardeast-Fryslân. Hy hopet in boargemaster foar elkenien te wêzen, mar seit altyd in FNP-hert te hâlden.
De partij sil yn de provinsje nije paden fine moatte nei de lange Kramerperioade. Neffens him hat de partij in soad talinten yn de eigen rûnten. Hy hat der alle betrouwen yn dat der wer in goede listlûker of listlûkster komt.
It ôfskied jout Kramer in dûbeld gefoel. Spitich dat er de provinsjale polityk achter him lit, mar ek mei in soad nocht nei syn nije amt. Hy hat bot geniete fan syn wurk as deputearre. It is foar him no tiid foar in nij paad.