Gjin priis foar fuotbalsters op Sportgala

18 des 2019 - 22:30

Gjin priis foar fuotbalsters Sherida Spitse en Loes Geurts by it Sportgala. De Nederlânske fuotbalploech wie nominearre as Sportploech fan it jier, mar dy titel gong nei de Nederlânske hânbalsters, dy't ôfrûne wykein foar it earst wrâldkampioen waarden.

Sherida Spitse - Foto: ANP

Spitse en Geurts hellen mei Oranje de finale op it WK fuotbal dizze simmer. Sa ticht by de wrâldtitel hiene de Nederlânske fuotbalfroulju noch noait west. Yn de finale wie Amearika te sterk.

Njonken de fuotbal- en hânbalploech wiene der noch trije kânshawwers op de titel Sportploech fan it jier by it Sportgala: Ajax, de roeiers fan de dûbeldfjouwer en de baanhurdfytsers fan de teamsprint.

(advertinsje)
(advertinsje)