Sportgala: Suzanne Schulting net útroppen ta sportfrou fan it jier

18 des 2019 - 21:55

Shorttrackster Suzanne Schulting is woansdei net útroppen ta Sportfrou fan it jier. De titel op it Sportgala giet nei hurdrinster Sifan Hassan, dy't dit jier op twa ôfstannen de titel pakte by it WK atletyk.

Suzanne Schulting - Foto: ANP

Ferline jier gie de priis noch wol nei Schulting. Se krige de titel doe ûnder oare omdat se dat jier de olympyske shorttracktitel op de 1000 meter wûn hie.

Dit jier wûn de Friezinne it algemiene klassemint en de 1.000 meter op it WK shorttrack. Boppedat pakte se ferskate Europeeske titels.

Njonken Schulting en Hassan wie dit jier ek hurdfytster Annemiek van Vleuten nominearre as Sportfrou fan it jier.

Wol oanwêzich

Schulting wie wol ien fan de pear nominearren dy't oanwêzich wiene by it Sportgala. Fierder wiene alle nominearren foar Sportman en Sportfrou fan it jier der net by. Guon omdat se op trainingskamp wiene, oaren omdat se der gjin ferlet fan hiene.

(advertinsje)
(advertinsje)