Net alle boeren demonstrearje: "Ik bin mear fan de dialooch"

Lang net alle boeren gongen woansdei de strjitte op. Herman Miedema fan Wyns makket him wol drok om it stikstofprobleem en hy fynt it net maklik as boer, mar opnij aksjefiere is neffens him net de manier om omtinken te freegjen: "Ik gean leaver yn petear mei de minsken. Leaver dat as mei in trekker op paad."
© CAMJO media / Jaring Rispens
Boppedat: "It wurk moat ek trochgean." As it nedich is, soe Miedema wol de strjitte op gean. Mar dat docht er dus net. "Ik bin mear fan de dialooch en it debat. Dat mei ek wol skerp wêze."
Hy is de oare boeren ek wol wat tankber: "Se ha soarge foar in hiel soad oandacht. Mar ik bin wol hiel huverich. It kin samar omslaan. We wenje tusken de boargers. As wy harren te bot lestich falle en blokkearje, dan kin alles samar omslaan."

'Ferskriklike útspraken'

Miedema is net bliid mei de toan fan it 'debat' de lêste tiid. "De wurden wurde swierder, der wurde ferskriklike útspraken dien. Ik wol se net werhelje, ik fyn it echt ferskriklik." Hy doelt op útspraken fan Marc van den Oever, foarman fan Farmers Defence Force. Hy ferlike de situaasje fan de boeren mei nazi-Dútslân. "Dêr set ik my tsjinôf. Ek oare groepen ha it net maklik, wy binne echt net de iennigen."
Herman Miedema