Fernielingen op It Hearrenfean hâlde oan nettsjinsteande oanhâldingen

18 des 2019 - 21:24

Ofrûne wiken binne sawat fyftich fernielingen dien op It Hearrenfean. De plysje hat as fertochten foar de fernielingen in tal minsken oanhâlden. Mar nettsjinsteande dy oanhâldingen hawwe it ôfrûne wykein wer in rige fernielingen west.

Foto: Plysje Sudeast-Fryslân

De plysje op It Hearrenfean is mei in ûndersyk begûn nei de fernielingen. Sy freegje bewenners dy't fertochte situaasjes tinke te sjen dat troch te jaan op it telefoannûmer 0900-8844. Dêrneist wurde minsken mei befeiligingskamera's frege om de bylden nei te sjen, oft der wat fernield is en dat troch te jaan oan de plysje. De gemeente is yn gearwurking mei de plysje oan it sjen nei de mooglikheden om de fernielingen ophâlde te litten.

(advertinsje)
(advertinsje)