"Priis Feriene Naasjes foar Ljouwerter pinebestridingsbril grutte erkenning"

De priis fan de Feriene Naasjes is in wichtige opstekker foar it Ljouwerter bedriuw Reducept, seit psycholooch Louis Zantema fan it bedriuw. Reducept kriget de World Summit Award foar harren VR-bril om pine te bestriden. "Foar in ynnovatyf bedriuw lykas dat fan ús is dit ien fan de grutste erkenningen omdat it fan in maatskiplik belutsen organisaasje as de Feriene Naasjes is."
Margriet Fennema en Louis Zantema mei de VR-bril © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tûzenen minsken hawwe yn Nederlân lêst fan groanyske pine, sûnder dat dúdlik is wat dêr de oarsaak fan is. Zantema: "Pine ûntstiet yn de harsens. Dêr sit in soart alarmsintrum dat pine oanmakket. By in soad minsken mei groanyske pine is dat pinesintrum te gefoelich. Mei in yntinsive ûnderfining, oproppen troch byld en lûd, kinne jo dat diel fan de harsens goed traine. Jo kinne it bynfloedzje."
Sûnt dat Reducept de pinebestridingbril yn septimber op de merk brocht, meitsje no mear as fyftich ynstellingen yn Nederlân dêr gebrûk fan, fertelt Zantema fierder, ûnder oare Refalidaasje Fryslân, sikehûs MCL, mar ek ferslavingssoarch VNN. Santema hopet nei de priis mear ynternasjonaal omtinken te krijen, te begjinnen mei Europa.
Louis Zantema fan Reducept