Sympaty fuort nei boereprotest: "Kinst gjin diskusje mei se fiere"

18 des 2019 - 20:35

Dat tsientallen boeren woansdei ek by Ljouwerter Krante demonstrearren, sinde net elkenien dy't dêr oan it wurk wie. Ien fan harren wie Rypke de Vries, dy't op de logistike ôfdieling wurket. "Ik fûn se hiel agressyf oerkommen", seit er. "Kinst gjin diskusje mei se fiere."

Foto: Omrop Fryslân

De dei begûn noch hiel oars. "Ik bin om 6.15 oere nei myn wurk riden, doe stie der al in moai protsje trekkers mei swaailampen oan. Ik hie sympaty foar dy minsken, dus ik sei noch: jim binne goed dwaande! Mar doe kamen se by de Ljouwerter Krante... ik ha noch noait soks meimakke."

"Dan is it foar my oer"

De Vries omskriuwt wat dêr barde: "It wie jeugd fan in jier as 20. Se setten it spul klem, dat fyn ik allegear bêst. Mar se stiene midden op it paad te pisjen en wit ik wat allegear. En as je se dêrop oansprekke, dan krijst in grutte mûle werom: 'jo moatte jo puntsje-puntsje hâlde'. Dan is it foar my oer."

It begûn al doe't De Vries moarns betiid oankaam by syn wurk. "Der kamen wat sjauffeurs oan mei de papierrollen, dêr't we de krante op drukke. Dy wiene twa oant trije oeren te let. Mar sy moatte ek betelle wurde, wy moatte ek betelle wurde!"

Der wie sels even in agressive sfear. We hiene de doarren allegear op slot draaid.

Rypke de Vries

"Wy ha as meiwurkers in protte lêst hân fan dit protest", fertelt er. "We ha ek in protte Grinzer kollega's, dy ha de auto's hjir no noch op it terrein stean. Sy moatte ekstra kosten meitsje, omdat se mei de trein nei hûs ta moasten. Ik bin bygelyks troch myn dochter ophelle."

De kollega's fan De Vries tinke der presys itselde oer, seit er. "Der wie sels even in agressive sfear. We hiene de doarren allegear op slot draaid. Se stiene te pisjen, se woene nei binnen ha, se woene kofje ha. Ik bin hast 60 jier, dan wol ik in bytsje fatsoenlik behannele wurde. Normaal mei elkoar omgean. Mar der wie hielendal gjin dialooch."

Sympaty fuort

De sympaty dy't De Vries hie foar de boeren, dat is no wol foarby. "Echt wier, ik fûn se goed dwaande. Mar no sis ik: jim binne hielendal ferkeard dwaande."

Rypke de Vries

Haadredakteur Sander Warmerdam fan de Ljouwerter Krante gong yn petear mei de boeren dy't nei it gebou fan de krante kaam wiene:

(advertinsje)
(advertinsje)