Kameratafersjoch Flietsône tsjin oerlêst kliïnten soarchferliener

18 des 2019 - 20:12

Yn de Flietsône yn Ljouwert komt tafersjoch mei kamera's. De twa kamera's wurde pleatst fanwege oerlêst troch kliïnten fan in soarchferliener. Ien kamera komt op de splitsing fan de Bote van Bolswertstrjitte mei de Willem Loréstrjitte te stean en ien op de t-splitsing fan it Keetwaltje mei dyselde Willem Loréstrjitte.

Hoeke Willem Loréstrjitte-Keetwaltje, ien fan de plakken dêr't kameratafersjoch komt - Foto: Google Streetview

Omwenners kleie al lange tiid oer misdragingen fan guon jongeren dy't by ferskate soarchynstânsjes yn it gebiet wenje.

(advertinsje)
(advertinsje)