Brabânske (62) stalkster moat tsien wike sitte

18 des 2019 - 20:08

In 62-jierrige ynwenster fan Brabân is fanwegen stalking feroardiele ta seis wiken sel, plus seis wiken ûnder betingst. In eardere selstraf fan fjouwer wiken ûnder betingst moat de frou dochs noch útsitte.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

De Brabânske hat jierrenlang in ynwenner fan Drachten stalke. Sân jier lyn hie sy in firtuele seksrelaasje mei de man. Doe't de relaasje einige, bleau se de Drachtster fiif jier efterfolgjen. Se mailde, belle en berjochte de man faak mei social media. De Drachtster die dêrfan oanjefte.

Earder al wurkstraf

Ein oktober foarich jier waard de frou fanwegen stalking feroardiele ta in wurkstraf en fjouwer wiken selstraf ûnder betingst. Dêrneist krige se in kontaktferbod oplein. Dat ferbod ferbruts se al gau: yn desimber 2018 socht se alwer kontakt mei har firtuele eks. Hy die op 'e nij oanjefte by de plysje. De plysjerjochter fynt dat de frou har behannelje litte moat.

Neist in finzenisstraf lei de rjochter op 'e nij in kontaktferbod op. Ek krige de Brabânske in lokaasjeferbod. Dat betsjut dat de frou har net fertoane mei binnen in striel fan hûndert meter fan de wenning en it wurkadres fan de Drachtster. Eltse kear dat sy har net oan it ferbod hâldt, moat se tsien dagen de sel yn, mei in maksimum fan seis moanne. Oan it slachtoffer moat de frou 500 euro smertejild betelje. De frou sei sels dat it eltse kear op 'e nij kontakt siket mei har firtuele eks 'in drang' en 'in ferslaving' wie.

Trefwurden: 
Drachten selstraf stalking
(advertinsje)
(advertinsje)