FIDEO: IepenUP Live mei in echte Liwwadder krystjûn

Frede en in feiligens foar eltsenien op ierde. Yn alle gefallen kin de Afgaanske famylje út Burgum, dy't mei útsetting bedrige wurdt, de krystdagen wer yn eigen rûnte trochbringe. Woansdei kamen de man en frou en harren fiif bern wer thús yn Burgum, nei't se moarns betiid fan har bêd helle wiene en nei in detinsjesintrum yn Zeist brocht wiene.
"Mar it bliuwt spannend", sa fertelde Hanneke Hooghiemstra fan de aksjefierders by IepenUP live. De Burgumers wolle graach dat it útprosedearre gesin yn Nederlân bliuwe kin. "It giet hjir om moslims dy't har ta it kristendom bekeard hawwe. As sy nei Afganistan werom moatte, wurde se finzen set en wacht har de dea. Dat kinne we dochs net barre litte", sa sei Hanneke Hooghiemstra.
It boadskip paste yn de totale krystgedachte fan IepenUP live juster. Njonken de ferskate artysten dy't har libbensliet yn it Liwwadders hearre lieten, krige Melvin van Eldik mei in libbendich krystferhaal yn de Ljouwerter stedstaal it publyk yn 'e besnijing.
Freed is IepenUP live noch ien kear werom mei alle oandacht foar de Fryske Popawards 2019. Foar de earste kear wurde dizze ûnderskiedingen yn de Fryske popmuzyk bekend makke yn in útstjoering fan IepenUP yn gearwurking mei Omrop Fryslân.

Kategoryen

Trou oan de tradysje wurde ek dit jier yn fjouwer kategoryen prizen jûn. It giet dêrby om in priis foar oanstoarmjend talint, de Talent Award, de Bernlef Priis foar de muzikale act dy't fan positive ynfloed west hat op de Fryske taal, de Fryske Popprijs foar de bêste Fryske muzyk en popformaasje yn Fryslân en de Publykspriis, dêr't it Fryske publyk foar stimme kin.

Stimme en nominearren

Yn it programma Noardewyn Live is freed 13 desimber de ôftraap jûn foar it stimmen foar de Publykspriis. Stimme kin fia Omropfryslan.nl/popawards. De nominearren foar de Publykspriis binne: Deepgroves, Atmoran, Psy-fi, Simmerdeis, Into the Grave, Promised Land, Dokk'em Open Air, Sjoerd ensa, Noardewyn Live en 3VOOR12/Friesland.
De nominearren foar de Talent Award binne: Boaz, Ganos Lal en Noorderlicht. De nominearren foar de Bernlefpriis: Liet, Sjoerd ensa en Wiebe Kaspers en last but not least, de nominearren foar de Fryske Poppriis: Esther de Jong, Homesick en Magnificance
De útrikking fan de Fryske Popawards 2019 wurdt op freed 20 desimber fan 20.00 oere ôf hâlden yn it kafee fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en is live online te folgjen fia Omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.