Meldplicht karbidsjitters Dantumadiel

13 nov 2011 - 13:25

Ynwenners fan Dantumadiel dy't mei âld en nij mei karbid sjitte wolle, moatte har melde by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Sy meie dan delkomme op it gemeentehûs om ôfspraken te meitsjen oer wêr't se karbid sjitte meie. De boargemaster bepaalt hokker lokaasjes geskikt binne.

Wa't mei karbid sjitte wol moat him foar tongersdei melde bij de gemeente Dantumadiel. Knalle mei allinne op âldjiersdei oant twa oere nachts.

Trefwurden: 
Dantumadiel karbid
(advertinsje)