Danny Noppert begjint oan syn twadde WK: "Eins wol ik dit toernoai winne"

18 des 2019 - 19:00

"Eins wol ik dit toernoai winne. Oft dat realistysk is? Yn Amsterdam haw ik ek de finale helle, dus wêrom net?" Mei dy ynstelling begjint Danny Noppert (28) fan De Jouwer tongersdeitejûn oan syn twadde wrâldkampioenskip darten by de PDC.

Danny Noppert sjocht hjirûnder foarút op syn twadde wrâldkampioenskip

Om njoggen oere tongersdeitejûn hinne stiet de konfrontaasje mei Callan Rydz út Ingelân op it programma. Rydz wûn ôfrûne moandei dochs wol ferrassend yn in spannende partij fan Steve Lennon.

"Mear ûnderfining"

"It is in talintfolle spiler", fertelt Danny Noppert. "Ik haw syn wedstriid efkes sjoen. Dochs tink ik dat ik de bettere spiler bin, mei mear ûnderfining op telefyzje. Wy sille it sjen. Ik wol yn alle gefallen tongersdeitejûn winne. Dan soe ik snein tsjin Kim Huybrechts moatte. Dêrnei sjoch ik it wol."

Ferline jier wûn Noppert by syn debút op it PDC WK noch syn earste wedstriid fan Royden Lam út Hong Kong (3-0). In ronde letter moast er belies jaan tsjin Max Hopp út Dútslân. Hy miste doe tefolle dûbels en gie mei 3-0 ûnderút.

Foto: Orange Pictures

Dit jier hoecht de Fries pas yn de twadde ronde yn aksje te kommen. Dat komt om't er op dit stuit yn de top 32 fan de wrâldranglist stiet. Dy ranglist fan it dartbûn, de 'Order of Merit', telt alle resultaten fan de ôfrûne twa jier byinoar op.

Mei in goed WK kin Noppert samar ris noch fierder omheechgean yn it klassemint. "Kinst hiel grutte sprongen meitsje ast it goed dochst. Dat wol ik fansels ek wol, want hjir wurkest it hiele jier nei ta."

Ferhuze

Der ôfrûne moannen hawwe drok west foar de Jouster. Hy is ferhuze nei in oare wenning, mar wennet noch wol hieltyd op De Jouwer.

"Op 'e souder haw ik in moaie dartromte makke. Dêr haw ik mei meardere minsken de ôfrûne wiken traind. Dat is noflik, om dy goed ta te rieden. Ik fiel my relaxed. Ik haw der nocht yn!"

Noppert draait no hast twa jier as 'fulltime-prof' mei by it profesjoneel dartbûn. Hy sei syn fêste baan as heftrucksjauffeur op om him folslein op it darten rjochtsje te kinnen.

It wrâldkampioenskip darten yn Londen is it grutste toernoai fan it jier fan it profbûn PDC. De wedstriden wurde spile yn it Alexandra Palace, yn it noarden fan de Ingelske haadstêd. Foar de winner fan de finale, dy't op 1 jannewaris 2020 spile wurdt, leit in heal miljoen pûn oan prizejild klear.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)