Elshof (LTO): "Foarsichtich wêze mei de credits dy't we ha"

Neidat tsientallen lilke boeren woansdei it regiokantoar fan boerebelange-organisaasje LTO opsochten, is wol dúdlik wurden dat de boeren net mear op ien line sitte. Trienke Elshof fan de LTO wie fernuvere: "Ik tocht: 'goh, wat moatte dy by ús op kantoar?' Dat se tsjin oerheidsbelied binne, dat snap ik. Mar tsjin in belange-organisaasje?"
Trienke Elshof © Omrop Fryslân
De ûnfrede by guon boeren leit by it akkoart tusken it Landbouw Collectief en lânbouminister Carola Schouten. "It wurdt 'akkoart' leit gefoelich", seit Elshof. "De minsken woene witte hoe't it sit. De minsken dy't by ús wiene, sitte net sa ticht by de ûnderhannelingen. Se hiene fragen."

Akkoart of net?

Neffens aksjegroep Farmers Defence Force is der hielendal gjin akkoart. It waard sels 'fake news' neamd. "It is seker gjin 'fake news'", seit Elshof. "De minister sels sei dat der in akkoart wie. Dêrmei wie se wat foarbarich, want we ha in 'basisôfspraak' makke. Dat wie wol in hiel wichtige."
Minister Schouten hâldt woansdei fol dat der wol in akkoart wie.
De partijen binne it ûnder oare iens wurden oer de meldingen. "De fergunning dy't boeren hiene op basis fan in saneamde melding, waard troch de rjochter ôfsketten. No is der in soart 'generaal pardon', dus de meldingen wurde wer legalisearre. Boeren en boerinnen kinne wat rêstiger de krystdagen yn, oars hiene se in yllegale situaasje."

Ofspraken oer trije wichtige saken

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de ôfspraken dy't it kollektyf makke hat mei minister Schouten: "Se ha trije belangrike dingen fêstlein. Dat algemiene pardon foar melders dus. Dêrnjonken binne de fergunningen foar it beweidzjen en bedongjen fan de baan en de keppeling fan stikstof mei fosfaat wurdt loslitten."

Pardon foar de melders

Oer it pardon foar de melders: "Boeren dy't net yn 'e buert fan in natuergebiet wenje en dus net ferantwurdlik binne foar in grutte delslach fan stikstof yn de natuer, hiene foar it ôfskaffen fan de PAS (Programma Aanpak Stikstof) yn maaie gjin fergunning nedich foar harren stikstofútstjit. Se mochten foldwaan mei in melding." Dat feroare yn maaie nei in útspraak fan de Ried fan Steat, dy't de PAS ôfskafte. "Doe wiene dy boeren eins yllegaal dwaande. De minister hat harren no allegearre in fergunning jûn. Yn totaal giet it om 3.300 melders dy't in fergunning krije."

Beweidzjen en bedongjen

Boeren hoege ek gjin fergunning oan te freegjen foar it útriden fan stront of jarre. Ek net as se harren kij yn de greide dogge. "Dat wie earst wol de bedoeling", seit Gerrit de Boer. "Mar dat foarstel is no fan tafel."

Keppeling stikstof oan fosfaat

As lêst dus ek noch de keppeling fan stikstof oan fosfaat. "Dat dat oanbelanget wiene boeren benaud dat se by de ynname fan stikstofromte op harren pleats ek de fosfaatrjochten kwytreitsje soene", leit er út. "Dy rjochten binne jild wurdich en wurde folop ferhannele. Dat soe de boeren dus in soad jild kostje. Dy keppeling komt der no net."
Neffens Elshof soe njonken dizze ôfspraken ek de mooglikheid fan in regionale drompelwearde foar stikstofútstjit goed wêze foar Fryslân. "Dan is der mear romte foar ûntwikkeling. It is hjir oars as yn de Rânestêd, we ha mear grien en minder diken en yndustry."

Wiis wêze mei ôfspraken

Neffens Elshof binne der goede ôfspraken makke dêr't boeren wiis mei wêze kinne. "Ik wol tsjin elkenien sizze: lês dat nochris rêstich troch. Ik tink net dat al dizze boeren witte wat we ôfpraat ha."
We moatte wol foarsichtich omgean mei de credits dy't we ha.
Trienke Elshof fan de LTO
Elshof fynt de aksjedei fan woansdei hiel bysûnder. "Farmers Defence Force is úteinlik gjin organisator. Dat betsjut dat der oeral wat gebeurt. Der is gjin regy en koördinaasje. Der binne in soad fragen." Se wit net oft de aksjes de saak goed dien ha: "Oan de iene kant wolle boeren har beswieren uterje. Oan de oare kant moatte we wol foarsichtich omgean mei de credits dy't we ha. We ha dy credits miskien noch wol botter nedich."
Trienke Elshof siet woansdei ek oan tafel by Fryslân Hjoed:
Tafelpetear