Undersyk nei lûdsoerlêst, oars mei rûnwei Warns net oanlein wurde

De gemeente Súdwest-Fryslân moat wiidweidich ûndersyk dwaan nei lûdsoerlêst en miljeubelêsting fan de rûnwei om Warns hinne. Dat moat fan de Ried fan Steat, sa waard woandei bekend.
Warns © Google Street View
De rûnwei komt yn guon gefallen op 20 meter fan de huzen yn it doarp te lizzen. Mocht it dochs tefolle leven opsmite, dan moatte der maatregels naam wurde. Stiller asfalt soe dan in opsje wêze. De útspraak is in opstekker foar de tsjinstanners fan de rûnwei.
De saak is oanspand troch twa Warnzers dy't de rûnwei op dit plak net hawwe wolle. Sy sizze dat sy de helte fan it doarp achter harren hawwe. De twa hiene leaver hân dat de rûnwei mei in grutte bôge om it doarp hinne oanlein wurde soe, lykas yn âldere plannen. As de gemeente it ûndersyk nei it leven fan de rûnwei en de miljeubelesting fan de dyk útfierd hat, kin de rûnwei yn prinsipe oanlein wurde.