Keramykmuseum yn Ljouwert nominearre foar Europeeske priis

18 des 2019 - 17:25

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert makket kâns op de Europeeske priis foar museum fan it jier 2020. De nominaasje is foar de ferbouwing en nije ynrjochting fan it museum yn 2017. De winner wurdt op 2 maaie 2020 bekend makke yn de stêd Cardiff yn Wales.

Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It Anne Frank-hûs en it Tropenmuseum, beide yn Amsterdam, it Teylers Museum yn Haarlem en it Bizarium yn Sluis (Seelân) binne de oare Nederlânske kânshawwers.

De European Museum of the Year Award fan it European Museum Forum is bedoeld foar musea dy't de ôfrûne trije jier by de tiid brocht of útwreide binne of dy't net âlder binne as trije jier. It Princessehof gie yn desimber 2017 wer iepen mei in nije fêste eksposysje, in nije yngong, winkel, teesalon en tún.

De winner wurdt op 2 maaie 2020 bekend makke yn de stêd Cardiff yn Wales. Dêr is dan de jierlikse konferinsje fan it Europeeske museumfoarum.

(advertinsje)
(advertinsje)