Steatelid Dennis de Calonne (CU) hâldt op

18 des 2019 - 17:07

Dennis de Calonne fan It Hearrenfean hâldt op as steatelid foar de ChristenUnie. De 38-jierrige De Calonne kin de funksje net mear kombinearje mei syn gesin en wurk.

Foto: ChristenUnie

Foardat De Calonne Steatelid waard, wie er gemeenteriedslid yn de gemeente Smellingerlân. Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fynt it spitich dat De Calonne fuortgiet, mar hat wol begryp foar syn beslút.

Net de earste

De Calonne is nei Marijke Roskam fan de PvdA it twadde Steatelid yn in pear wiken tiid dy't ophâldt omdat it net mei oare saken yn harren libben te kombinearjen falt. Earder gie ek al Matthijs Sikkes-Van den Berg fuort. De GrienLinks-foarman waard wethâlder yn Diemen.

Lieuwe van der Pol fan Wâldsein folget Dennis de Calonne nei alle gedachten op as Steatelid foar de ChristenUnie.

(advertinsje)
(advertinsje)