Boargemaster Smellingerlân slút hûs yn Drachten om drugs

18 des 2019 - 16:46

Boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân hat woansdei in drugspân oan de Wildzang yn Drachten sletten.

Foto: Srfotografie

De plysje fûn yn it hûs harddrugs en ferskate foarwerpen dy't dêrby hearre. Om watfoar foarwerpen it dan presys giet, is net bekend. It giet om in 'handelshoeveelheid' oan drugs en dêrom hat de boargemaster it pân sletten. De wenning bliuwt trije moannen ticht.

(advertinsje)
(advertinsje)