Dykgraaf Van Erkelens riddere by ôfskied

18 des 2019 - 16:24

Skiedend dykgraaf Paul van Erkelens is ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau wurden. Hy krige de ûnderskieding by syn ôfskied fan Wetterskip Fryslân yn Snits út de hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Van Erkelens wie sûnt 2004 dykgraaf yn Fryslân. Op 1 jannewaris giet er mei pensjoen. Hy komt oarspronklik út Winterswyk. Dêr wie er ek boargemaster. Nei syn boargermasterskip wie er alve jier dykgraaf yn Regge en Dinkel yn Oerisel, foar't er yn 2004 dykgraaf by Wetterskip Fryslân waard.

Luzette Kroon wurdt de opfolger fan Van Erkelens. Sy wie earder wethâlder yn de gemeente Drechterland, ek yn Noard-Hollân. Kroon wie ien fan de 39 kandidaten om Van Erkelens op te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)