Antoinette de Jong: "Dy blik yn myn eagen is der wer"

In ûngemak fan har freon, dêrnei in moanne fuort, net fit oan de start ferskine en dêrtroch minne risseltaten oant no ta foar Antoinette de Jong. "Ik wie wat tefolle mei oare dingen dwaande." Wy sjogge mei har werom op it foarseizoen en foarút op it NK ôfstannen.
Antoinette de Jong1
"It wiene net myn worldcups," begjint Antoinette de Jong. Mar se hat dêr wol in ferklearring foar. "It wiene softiisbanen en dêr kin ik krekt neat mei. Ik rûn hieltyd efter de feiten oan. Ik wie wurch en ried technysk net goed."
Mar, sa seit se, it giet de goede kant wer op. "Dêr bin ik hiel bliid mei. Ik haw mei Jac (Orie, de coach, red.) hurd wurke yn Collalbo om it better te krijen en it sjocht der hieltyd better út."
Antoinette de Jong2
"Ik moat net safolle dingen neist it reedriden dwaan," seit Antoinette. Dat ropt fragen op, want wat bedoelt se dêrmei? "Myn freon hat in ûngemak hân." En dat ûngemak wie krekt foardat se ôfsette nei de twa wrâldbekers, yn Minsk en Poalen.
"Ik bin in emosjoneel type. Ik wol graach foar him soargje. Ik woe eins net fuort. No doch ik dat sels, hear. Dat ik dan minder riid, dêr bin ik sels by. Mar ik bin gjin robot. Stiest oan de start en nimst it dochs mei. Alles moat goed wêze."
Gelokkich giet it no wer goed mei har freon. Dy freon is Coen Rijpma, in hurdfytser, al is er no wol krekt ophâlden. "Ik bin hartstikke bliid mei him. Wy hawwe it hiel leuk."
Antoinette de Jong3
It giet no stikken better mei Antoinette. Nei in trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo kaam se mei betrouwen werom yn Fryslân. "It giet eltse training better. Ik haw wer dy blik yn 'e eagen. De goede fokus. No sit dy fokus by my altyd wol goed, mar it moat wol echt allegearre klopje."
Op it NK ôfstannen sil se op fjouwer ôfstannen yn aksje komme. "Op de 3000 meter kin ik winne en op de 1500 meter moat ik derby sitte. De 5000 meter winne wurdt hiel dreech. Der binne tefolle spesjalisten, mar dy ôfstân is goed foar myn allround-toernoai. En de 1000 meter fyn ik gewoan moai om te dwaan."