Hearrenfeanspits Jens Odgaard mist duel mei Heracles

18 des 2019 - 15:23

Hearrenfeanspits Jens Odgaard mist it duel fan sneon tsjin Heracles Almelo. De Deen hat tiisdei yn de bekerwedstriid tsjin Roda JC in foetblessuere oprûn. Dat meldt Hearrenfean op harren eigen webside.

Jens Odgaard yn de wedstriid tsjin Roda JC - Foto: www.orange-pictures.nl

Odgaard mist dêrtroch de lêste wedstriid foar de winterstop. Hearrenfean spilet in belangrike wedstriid yn de striid yn de subtop tsjin Heracles. Hearrenfean stiet no sânde, Heracles stiet njoggende en hat mar twa punten minder.

Wa't Odgaard ferfange sil, is noch net wis. Hearrenfean wol yn de winter in nije spits oanlûke, mar in echte spits hat Hearrenfean net. Trainer Johnny Jansen hat earder alris oanjûn dat Alen Halilovic ek yn de spits kin. Chidera Ejuke hat lykwols ek alris koart yn de spits spile. As dat bart, is de kâns grut dat Anders Dreyer meidocht.

(advertinsje)
(advertinsje)