Drugslabfertochte út De Trieme op frije fuotten

18 des 2019 - 15:16

De fertochte út De Trieme fan it drugslab oan de Ceresweg yn Ljouwert is wer op frije fuotten. Hy bliuwt wol fertochte, meldt it Iepenbier Ministearje. De twadde fertochte, in 52-jierrige man út Zwolle, moat 14 dagen langer yn de sel sitte. Op 24 desimber sil de riedkeamer beslisse oer it ferfolch.

Foto: Plysje

Neffens it Iepenbier Ministearje binne der oanwizingen dat de produksje fan amfetamine (speed) mids 2019 begûn is. By de ûntmanteling fan it drugslab is der sa'n 80 liter 'einprodukt' fûn. De liters amfetamine hawwe in strjitwearde fan 80.000 euro. Der wurdt rûsd dat yn it lab oan de Cereswei sawat 300 kilo amfetamine yn de wike produsearre wurde koe.

De plysje die ferline wike tiisdei in ynfal by it drugslab. Tagelyk waarden yn De Trieme en yn Zwolle ek ynfallen dien. Yn totaal binne fiif gebouwen trochsocht.

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)