Fries Verzetsmuseum hat nije jonge konservator (29)

It Fries Verzetsmuseum hat in nije konservator. Fan 1 febrewaris 2020 ôf is Marre Faber-Sloots beneamd yn dy funksje. Faber-Sloots is op dit stuit kommunikaasjemeiwurker en projektlieder by Tresoar. Dêr docht se wol gauris projekten dy't mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen hawwe.
Marre Faber-Sloots © Tresoar
Marre Faber-Sloots (29) is ek bestjoerslid fan de Stichting Befrijdingsfestival Fryslân. Mei dizze jonge konservator wol it fersetsmuseum de eigen posysje fersterkje as sichtber plak foar 'moeting oer it erfgoed fan de Twadde Wrâldoarloch'.