Cambuur 'skansearre' oan de ôftraap tsjin Feyenoord

Sportklup Cambuur moat it yn de bekerwedstriid tongersdei tsjin Feyenoord dwaan sûnder Robert Mühren, Jarchinio Antonia en Jamie Jacobs. De trije spilers binne blessearre.
Henk de Jong sjocht foarút
Foar Jacobs, dy't yn de wedstriid freed tsjin Jong Ajax blessearre rekke oan de holle, komt de bekerwedstriid tsjin Feyenoord te betiid. Antonia hat lêst fan it ankel en kin ek net begjinne oan de wedstriid. Hy sit wol op de bank. Ek Robert Mühren is blessearre. Trainer Henk de Jong woe net sizze wat der oan de hân is mei de spits. Hy hopet lykwols dat Mühren wol plak nimme kin op de bank. Delano Ladan sil spylje as spits.

Net op it bêste momint

De bekerwedstriid tsjin Feyenoord komt foar Cambuur net op it bêste momint. Snein stiet noch de belangrike kompetysjewedstriid út tsjin Excelsior op it programma. En de kompetysje is foar de Ljouwerters belangriker as it bekertoernoai.
Henk de Jong: "Ja, Excelsior is belangriker, mar we geane der fol foar. Ik wol goed spylje. Wy moatte lef yn de donder hawwe." Ek it publyk - it stadion is folslein útferkocht - spilet neffens de Cambuurtrainer wer in belangrike rol. "Wy hawwe de help nedich fan it publyk. Dat moatte wy achter ús sjen te krijen, dan is it hjir krekt de lytse Kuip. Ik haw der sin oan."
Delano Ladan stiet tongersdei yn de basis:
Delano Ladan foar it duel tsjin Feyenoord
Feyenoord krijt ûnder lieding fan de nije trainer Dick Advocaat de fuotten stadichoan wer ûnder it gat. Boppedat sil it bekertoernoai foar de Rotterdammers fan grut belang wêze. Henk de Jong: "Foar Feyenoord is de beker de kâns op in priis. Sy sille yn de sterkste opstelling komme. En der sit mear betrouwen yn de groep as in pear moanne ferlyn. Sy hawwe it goed stean. Wy sille it dreech krije, mar it is in fantastyske útdaging."
Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Akoy, Maulun; Kallon, Ladan, Paulissen.
De bekerwedstriid SC Cambuur - Feyenoord is tongersdei yn in spesjale radio-útstjoering te folgjen by Omrop Fryslân. Dy útstjoering begjint om 20.45 oere. Geert van Tuinen docht it radioferslach. Yn dyselde útstjoering ek omtinken foar Danny Noppert, dy't syn earste wedstriid op it WK darts spilet.