Bestjoerder bestelauto ferstoarn nei oanriding mei frachtwein by Warten

By in swier ûngelok by Warten is woansdeitemiddei in automobilist ferstoarn. It giet om in bestjoerder fan in bestelauto mei oanhinger dy't op de Stûkenwei yn botsing kaam mei in frachtwein mei fee.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
De sjauffeur fan de frachtwein is ferwûne rekke. De helptsjinsten binne oanwêzich om assistinsje te ferlienen. De dyk is yn beide rjochtingen ôfsletten foar de helpferliening.
De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend en wurdt ûndersocht.