Earespjelde Keninklike Atletykuny foar Theo Tjepkema (88)

18 des 2019 - 14:16

Atletyktrainer Theo Tjepkema (88) út Ljouwert hat woansdei de earespjelde krigen fan de Keninklike Atletykuny. Tjepkema is neist de âldste trainer fan Nederlân, ek de trainer mei it langste tsjinstferbân.

Fyftich jier lang wie Tjepkema yn it spier foar atletykferiening Lionitas. Woansdei joech er syn lêste training. Leden en âld-leden kamen nei sportpark Nijlân ta om út respekt foar Tjepkema de lêste rûntsjes oer de baan te draven.

Theo Tjepkema - Foto: Omrop Fryslân

Hea! makke opnamen by de lêste training fan Theo Tjepkema. Dizze reportaazje is ynkoarten te sjen op Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)