Gemeente hoecht dongfergêster Hantumhuzen net stil te lizzen

18 des 2019 - 14:15

De gemeente Noardeast-Fryslân hoecht in dongfergêstingsbedriuw oan de râne fan Hantumhuzen net stil te lizzen of oan te pakken. Dat blykt út in einútspraak fan de Ried fan Steat.

Foto: ANP

Hoewol't de gemeente yn earste ynstânsje in tal twangsommen oplein hie oan it bedriuw, waarden dy ek wer ynlutsen. Dat die de gemeente nei't de dongfergêster in nije oanfraach foar in fergunning yntsjinne hie.

Rjochtsaak

In famylje út it doarp wie in rjochtsaak begûn om't de fergêster in soad stankoerlêst joech yn it doarp. Neffens har is der noch hieltyd wat mis, mar dêr die de Ried fan Steat gjin útspraak oer. Nei oanpassingen fan it bedriuw oan de fergêster soe it mei de stankoerlêst dien wêze moatte. Oft dat sa is, moat noch bliken dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)