Fryske Akademy krijt kommende jierren ekstra provinsjejild

18 des 2019 - 14:11

Provinsjale Steaten stipet yn mearderheid it rêdingsplan fan deputearre Avine Fokkens foar de Fryske Akademy. Njonken de strukturele 1,2 miljoen euro fan de provinsje, komt der no fiif jier lang 200.000 euro ekstra nei de Fryske Akademy ta.

Ek lûkt de provinsje 350.000 euro út foar in ienmalige reorganisaasje fan it wittenskiplik ynstitút. De Fryske Akademy sit yn finansjeel swier waar en hat ek it personielsbestân net op oarder. Sa binne der te min wittenskippers en is der te folle stypjend personiel.

Deputearre Fokkens is bliid mei de stipe fan Provinsjale Steaten. Mei it jild fan de provinsje kin de Akademy him 'herpakke' nei de mindere prestaasjes yn de lêste jierren, seit Fokkens.

It ekstra jild is ûnder mear bedoeld foar it oanlûken fan ekstra wittenskippers.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)