Twadde Keamer: bettere tarieding op rampen en kosten ferhelje by reder MSC Zoe

18 des 2019 - 13:02

De ryksoerheid moat garant stean foar de kosten dy't fiskers meitsje om alle rommel út see te heljen, dy't oerbleaun is nei de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dat hat de Twadde Keamer bepaald troch yn te stimmen mei in moasje fan GrienLinks keamerlid Suzanne Kröger.

Plastic kerrels yn de hân fan Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De fiskers hawwe in spesjaal projekt opset 'Fishing for Litter', om ôffal út see op te fiskjen en yn te leverjen. De Twadde Keamer fynt dat de kosten foar dat projekt ek takom jier dutsen wurde moatte en dat rederij fan de MSC Zoe opdraaie moat foar de kosten. Fierder is ek in moasje oannaam om ûndersyk te dwaan nei de skea op lange termyn oan it Waadgebiet.

Keamerlid Suzanne Kröger fan GrienLinks is bliid mei it beslút, omdat der noch altyd rommel fan it kontenerskip te finen is. "Zolang de stranden van Terschelling nog vol liggen met die kleine plastic bolletjes, is de ramp nog gaande."

Reder moat betelje

De fiskers moatte ek perfoarst belutsen bliuwe by it opromjen, seit Kröger, en dat de kosten dêrfoar deklarearre wurde by de reder. "Wat ons betreft is het echt cruciaal dat het duidelijk is dat de reder die kosten moet dragen. De vervuiler betaalt."

Op koarte termyn komme ferskate saakkundigen byinoar op Skylge om te praten oer de problematyk fan de plastic kerrels op de strannen. Kröger: "Dat vuil moet opgeruimd worden en we moeten ons voorbereiden op de toekomst. Die plastic ramp, daar waren we niet op voorbereid. We moeten echt zorgen dat we dit nooit meer zo laten gebeuren."

Keamerlid Suzanne Kröger fan GrienLinks

(advertinsje)
(advertinsje)