Súdwest-Fryslân knoeide mei bestimmingsplan grienstrook Parregea

18 des 2019 - 12:12

De gemeente Súdwest-Fryslân knoeide mei in ferplichte grienstrook yn Parregea. Dat fynt de Raad van State. Mei dizze útspraak hoecht transportûndernimmer Eelco de Jong fan Parregea no net mear de helte fan syn parkearterrein fol te plantsjen mei grien.

Haachskjirre - Foto: Shutterstock.com

Neffens de Raad van State mei De Jong it perseel brûke as hy derfoar soarget dat syn frachtweinen net fan de dyk ôf te sjen binne. Dat mei ek mei in hage, of in klimopskutting.

Wêr't de ferplichting fan in griene strook fan fiif meter weikomt, is net dúdlik, sa docht bliken út de útspraak. Sa stiet der neat oer sa'n strook yn it beslút fan de gemeenteried, mar waard der wol oer skreaun yn it bestimmingsplan. Mooglik is de ferplichting der letter pas ynset, en dat mei net.

Dêrom skrast de Raad de ferplichting no út it plan. Hjirmei hâldt De Jong in stik mear terrein oer, dêr't er syn frachtweinen kwyt kin.

(advertinsje)
(advertinsje)